'Aksjes Armeensk gesin doelleas'

22 des 2005 - 07:27

Omwenners moatte ophâlde mei aksjefieren foar in Armeensk gesin op It Hearrenfean. Neffens wethâlder Roel Kaastra hawwe aksjes gjin doel mear omdat de famylje útprosedeard is.

De sân gesinsleden krigen yn 2001 te hearren dat se fuort moasten. Sûnt dy tiid hat de gemeente it gesin húsfeste. Se krije útstel fan fertrek om't ien fan harren slim siik is. Se moatte lykwols húsfeste wurde troch it COA. Dat hat plak yn it azc fan Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)