Boarnsterhim sloopt hut

21 des 2005 - 16:40

De gemeente Boarnsterhim hat in yllegaal boude hut sloopt. It bouwurk stie oan de Burstumerdyk yn Grou en is makke troch in groep jongeren. Neffens de gemeente gie it om in gefaarlike konstruksje dy't ek net goed fentileard waard. Dêrtroch drigen de jongens harsels te fergiftigjen as sy yn de hut fjoer makken. De jongeren wie frege it bouwurk ôf te brekken, mar dat hawwe se net dien, mei de sloop ta gefolch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)