Partybuorkerij mei der komme

© Omrop Fryslân
De Raad van State hat de beswieren tsjin de komst fan in partybuorkerij neist de Ryksstrjitwei by Ryptsjerk ôfwiisd.
It Fryske Gea, de Stichting Op Toutenburg en hotel-restaurant E10 woene de komst keare. Neffens har soe de fêstiging fan de partybuorkerij ûnder oare skea oan fan de natuer opsmite en soe der oan de Ryksstrjitwei al genôch horeka wêze. Neffens de Raad van State is foar beide gjin bewiis.