LTO: 'Ryk moat túnkers rêde'

21 des 2005 - 07:29

It kabinet moat maatregels nimme om de glêstún te rêden, fynt boereclub LTO. De lêste jierren binne de stookkosten bot tanommen troch keppeling fan de gaspriis oan de oaljepriis. Eigners fan kassen binne dêrtoch yn trochsneed 40.000 euro mear kwyt as oare jierren.

It lânboukundich ynstitút LEI hat de sifers bekendmakke. De ynkommens yn de sektor sakje dêrtroch bot. De LTO wol dat it Ryk de ekstra ierdgasbaten ynset foar de túnbou.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)