Permanint wenje yn fakânsjewente

© Omrop Fryslân
Op It Amelân mei tenei permanint wenne wurde yn twa appartemintekompleksen foar fakânsjegongers. It giet om wenten yn it bûtengebiet by Hotel Noordzee en it kompleks Ostrea. Yn de keapakten stiet al dat se permanint bewenne wurde meie. De gemeente hat it no ek offisjeel regele yn it bestimmingsplan.
Koartlyn ferbea minister Dekker fan Romtlike Oardering it permanent wenjen yn it bûtengebiet. De gemeente lûkt him dêr lykwols neat fan oan.