Oppakt foar frouljushannel

© Omrop Fryslân
In Hagenaar (29) is yn in Ljouwert oanhâlden foar minskehannel. Hy soe froulju twongen hawwe drugs te brûken en foar him te wurkjen as prostituée. Dat die er op ferskate plakken yn Nederlân. It jild moasten se ôfjaan.
De man soe de froulju fierders yn hotels mishannele hawwe. Der binne trije oanjeften tsjin him dien foar dat fergryp. De fertochte is oerbrocht nei Den Haag. De plysje dêr sil fierder ûndersyk dwaan.