Aksjedriging by Oranjewoud

20 des 2005 - 12:10

By yngenieursburo Oranjewoud op It Hearrenfean driigje aksjes. De direksje hat it einbod foar in nije CAO ôfwiisd. Neffens it fakbûn CNV docht de direksje dat omdat it bedriuw sûnder CAO in soad jild besparje kin.

Ien fan de brekpunten by de ûnderhannelings wie in oerienkomst oer de pensjoenregeling. Dêrneist woe it fakbûn in leansferheging fan 1 persint. De direksje wol dat net.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)