Opnij domper foar Harkiten

17 mrt 2012 - 16:50

Harkemase Boys hat sneon mei 1-0 ferlern yn en fan Noordwijk. Yn de earste helte seach it publyk in skot fan Noordwiker Jeroen van der Zijden op 'e latte belânjen. Dêrnei wie Marcel Pannekoek tichtby in foarsprong foar de Boys. Dochs gongen beide ploegen de klaaihokken yn mei in 0-0 rêststân.

Nei it skoft kaam de thúsploech troch in doelpunt fan ynfaller Stefan Mertens op foarsprong. Mei noch in kertier te spyljen gongen de Harkiten op syk nei de lykmakker. De kriich wie der wol, mar it ûntbruts oan gelok yn de ôfrûning.

Opnij in domper foar de ploech fan Robert Herder en Bert Hollander. Tiisdei waard Harkemase Boys útskeakele yn de noardlike distriktsbeker troch Drachtster Boys. De Harkiten steane no op it 13e plak yn de topklasse mei 19 punten út 23 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)