Echtpear krijt hynstepriis

© Omrop Fryslân
It echtpear Wim en Cuuc Vellinga fan Oentsjerk hat de Fryske Hynstepriis krigen. De Vellinga's hawwe jierrenlang aktyf wêst yn de Fryske, mar ek de lanlike hynstewrâld.
Wim Vellinga wie 16 jier ponghâlder by Indoor Friesland. Ek wie er de driuwende krêft by de lanlike Ruiter- en Ponyclub Trynwâlden. By de bou fan de Praktykskoalle yn Oentsjerk wiene de Vellinga's ek belutsen. De Fryske Hynstepriis bestiet út in brûnzen byld.