'Sumar-Nyegea net fjouwerbaans'

© Omrop Fryslân
De ferdûbeling fan 'e dyk tusken Sumar en Nyegea is fan de baan. De provinsje kiest foar in twabaansdyk op dit diel fan de noch oan te lizzen Sintrale As. Troch it net ferdûbeljen fan dit stik besparret de provinsje 9 miljoen euro yn 'e kosten fan 'e ûntsluting fan Noardeast-Fryslân.
Dy besparring is nedich omdat ferskate wizigingsfoarstelling de Sintrale As mei-inoar wol sa'n 24 miljoen euro djoerder meitsje kinne.