Nije eigner foar Oranjehotel

20 des 2005 - 10:12

It Oranjehotel yn Ljouwert hat in nije eigner. Mei yngong fan 1 jannewaris nimt de Edengroup út Amsterdam it hotel oer fan de no-tiidske eigner Bilderberggroep.

De Edengroup hat op it stuit sân hotels yn Nederlân. Koartlyn kocht de groep it ferneamde Amsterdamse American Hotel oan. De nije eigner is fan doel om de keamers, badkeamers en fergadersealen fan it Ljouwerter Oranjehotel kommend jier te renovearjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)