CU stelt fragen oer grêfrjochten

© Omrop Fryslân
De riedsfraksje fan ChristenUnie yn Dantumadiel wol fan it gemeentebestjoer opheldering oer feroarings mei grêfrjochten en ûnderhâld fan greven.
De fraksje krijt klachten fan minsken dy't rekkens krije foar de hier fan grêven foar de perioade fan tweintich jier, wylst se foar ûnbepaalde tiid kocht binne. De ChristenUnie wol witte oft soks juridysk wol kin en ek oft de gemeente de feroarings wol dúdlik foar it fuotljocht brocht hat.