Klaas Jan Huntelaar nei Ajax

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-spiler Klaas Jan Huntelaar giet mooglik nei Ajax. De spits hat neffens syn saakwaarnimmer in akkoart berikt, mar de klubs moatte it noch wol iens wurde oer in ôfkeapsom. It is gjin ferrassing dat Huntelaar fuort giet. It wie bekend dat hy yn de belangstelling stie fan ferskate klubs.
SC Hearrenfean wol de transfer noch net befestigje. As de transfer rûn komt spilet Huntelaar fan 1 jannewaris ôf yn Amsterdam.