Bûtenpost krijt paralleldyk

© Omrop Fryslân
Der komt in paralleldyk by in part fan de noch oan te lizzen eastlike rûnwei om Bûtenpost hinne. Dy nije dyk kin brûkt wurde troch it lânbouferkear dat te'n noarden fan Bûtenpost wêze moat. Dat hoecht dan net troch de beboude kom fan Bûtenpost.
De oanlis fan de paralleldyk is de grutste wiziging yn de plannen, neidat de gemeente bewenners fan it gebiet de kâns joech om wat oer de plannen te sizzen.