Soad fraach nei Bilts kaartspul

© Omrop Fryslân
Fan It Biltse kwartetspul mei blommen, jirpels en peulfruchten binne al 500 ferkocht. Dat die sneon bliken by de presintaasje fan it spul. Mei-elkoar binne der 2000 pakjes kaarten drukt.
De ôfbyldings op de kaarten binne makke oan de hân fan de 50 fjilden dy't fan 't simmer op It Bilt oanlein wiene yn it ramt fan it 500-jierrich bestean fan de gemeente. Nei de rispinge kamen der noch altyd in soad fragen oer de âlderwetske gewaaksen dy't dêr wiene.