Maatskiplik wurk prostituées

© Omrop Fryslân
Frouljusopfang Fryslân is begûn mei in sprekoere maatskiplik wurk foar de prostituées yn Ljouwert. Froulju dy't wurkje oan de Weaze kinne dêr no neist it wyklikse sprekoere fan de GGD, dêr't se medyske soarch krije, ek by it sprekoere telâne foar alle oare mooglike problemen en fragen.
Earste doel is de froulju te stypjen, mar wêr mooglik wol de frouljusopfang ek de kriminaliteit oanpakke.