Jild foar adellik erfguod

17 mrt 2012 - 16:37

De adellike eleminten yn Fryske tsjerken lykas hearebanken en roubuorden, sille opknapt wurde. Sneon is dêrfoar in spesjaal fûns oprjochte. De earste 70.000 euro is binnen.

Dat jild waard sneon yn de tsjerke fan Hegebeintum oerlange troch de stifting Praalgrêf Menno van Coehoorn. It moat de earste oanset wêze foar it opknappen fan alles dat herinneret oan de adel yn tsjerken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)