Jonkje oanriden, auto trochriden

19 des 2005 - 13:22

Snein is in 3-jierrich jonkje op de Bleekleane yn Ljouwert oanriden troch in auto, dy't dêrnei trochriden is. It jonkje siet yn de parkearde auto fan syn heit, dy't even immen ophelje soe.

It jonkje hat himsels losmakke út syn stuoltsje en is út de auto gien om achter syn heit oan. By it oerstekken is hy doe oanriden. In tsjûge hat earste help ferliend, yn it sikehús die bliken dat it mei syn ferwûnings wat tafoel. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)