Oanriding N381 by Oerterp

© Omrop Fryslân
Op de N381 by Oerterp hat sneintejûn in ûngelok plakfûn. In man (37) út Surhústerfean ried op de parallelwei fan de Opperhaudmare en kaam op de krusing mei de provinsjale dyk yn botsing mei in 50-jierrige bestjoerder út Emmen. De auto fan de Feanster kaam tsjin in hikke ta stilstân, de oare auto rekke yn de sleat.
De brânwacht moast der oan te pas komme om beide minsken der út te heljen. Se binne oerbrocht nei it sikehûs.