Waadferiening ferliest wer leden

19 des 2005 - 10:09

De waadferiening hat opnij flink wat leden ferlern. Dat docht bliken út de 'Vroege Vogels Parade 2005'. Dat is in list mei de oantallen leden fan natuer- en miljeuorganisaasjes yn Nederlân, gearstald troch de VARA- radio.

De Waadferiening hat no goed 45.000 leden. Dat binne der goed 1500 minder as ferline jier. It Fryske Gea docht it wol goed. Dy organisaasje krige der hast 2000 leden by en komt op 25.521.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)