Djoere auto rydt kanaal yn

19 des 2005 - 09:41

In nagelnije mini-cooper is snein yn it kanaal yn Ljouwert bedarre. De auto stie parkeard oan de Emmakade doe't er út himsels begûn te riden. De mini ried sa it wetter yn en kaam klem te sitten tusken de wâl en in skip.

Al mei al duorre it inkele oeren foar't it slagge om de auto út it wetter te heljen. Mei help fan in kraan kaam de mini wêr op de kant. De auto is dêrby nei alle gedachten total loss rekke en de skea rint yn de tûzenen euro's.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)