Aksje tsjin alkohol yn ferkear

© Omrop Fryslân
By diskoteek Jennifeu & Malibu yn Drachten is sneontenacht in aksje hâlden tsjin alkohol yn it ferkear. It gie om de BobNight Wintereditie fan it Team Alert. Promoasjemeiwurkers fan dat tiim hawwe foarljochting jûn oer alkohol en ek in blaastest ôfnaam.
Diskoteekbesikers dy't sûnder drank op achter it stjoer sieten krigen in beleanning. It is foar it earst dat de winteredysje fan de BobNight hâlden is. Foarhinne barde dat allinnich simmers.