Winners FeRstival bekend

19 des 2005 - 09:36

De Fryske foardrachtswedstriid, foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, is sneon wûn troch Sietze Greidanus út Wommels. Hy kaam út yn de kategory Toppers foar 4e, 5e en 6e klassers. Afke Teertstra út Frjentsjer waard earste by de Trochsetters, foar 2e en 3e klassers en 1e klasser Anke Feenstra fan Tsjummearum wûn by de Starters.

De foardrachtswedstriid, mei de namme 'FeRstival', waard foar de 63ste kear hâlden yn De Lawei yn Drachten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)