3.000 euro foar Cambuur

© Omrop Fryslân
De jeugd fan Cambuur hat moandei fia in sponsorrin in dikke 3.000 by-inoar rûn. Dat bedrach waard oerlange oan direkteur Harjan van Dam. Van Dam meldde dat de finansjele problemen fan de Ljouwerter fuotbalklub noch lang net oplost binne.
De mooglikheid fan in rêding fan Cambuur skat Van Dam op sa'n 50 persint. Cambuur waard in pear wiken lyn fan in fallissemint rêden troch in pear jildsjitters.