Glas 13de mei fjouwermansbob

18 des 2005 - 16:32

Arend Glas fan De Jouwer is snein mei de fjouwermanbob 13de wurden op de wrâldbekerwedstriden yn it Italiaankse Cortina d'Ampezzo. Hy hie foar de twa runs 1.45,78 nedich en wie dêrmei 0,92 sekonde stadiger as de Amerikaanske winner Todd Hays.

Sneon hie Glas Olympyske dielname feilichsteld by de twamansbob. Mei syn bob-maat Sybren Jansma waard er doe ek 13de.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)