Elma de Vries wint yn Den Haach

18 des 2005 - 15:47

Elma de Vries fan De Haule hat freedtejûn yn Den Haach de twadde wedstriid fan 'e Greenerey fjouwerdaagse wûn. De Vries fersloech de konkurrinsje yn de massasprint. Har ploechgenoate Daniëlle Bekkering waard twadde. Wrâldoererekordhâldster Maria Sterk waard tredde.

De Vries wûn tongersdei op it Hearrenfean ek al de prolooch. It seit himsels dat sy no ek it klassemint fan 'e fjouwerdaagse oanfiert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)