Harkemase Boys - SVZW: 2 - 0

18 des 2005 - 13:01

Troch in 2-0 oerwinning op debutant SVZW út Wierden bliuwe de Harkemase Boys yn 'e race om de boppeste klasse yn 'e haadklsse C fan it sneonsfuotbal. Op in swier te bespyljen fjild skoarde René Paterson yn 'e earste helte 1-0.

Tony Albeda sette sân minuten foar de ein fan 'e wedstriid de 2-0 op it skoareboerd. Troch dit resultaat yn de lêste wedstriid foar de winterstop steane de Harkemase Boys no op in twadde plak mei 26 punten út 14.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)