De Harkemase Boys fuotbalje wol

© Omrop Fryslân
Fanwege wiete snie, glêde diken en winterske kjeld leit it programma foar de sneons amateurs yn it distrikt noard der folslein út. Yn 'e haadklasse C binne ûnder oare de duels Excelsior '31 - Drachtster Boys en Go Ahead Kampen - ONS Snits ôflast.
De iennichste útsûndering is de konfrontaasje fan 'e Harkemase Boys tsjin SVZW út Wierden. De skiedsrjochter hat it fjild goedkard en dus wurdt der gewoan fuotballe.