FNP wol enerzjysunich sporte

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter FNP wol dat der by de sportakkomodaasjes yn 'e gemeente Ljouwert enerzjy besparre wurdt. De FNP sil moandei yn 'e gemeenteried foarstelle om te ynvestearjen yn waarmtepompejn en suniger HR-systemen.
Dy ynvestearrings kinne troch suniger enerzjyferbrûk wer weromfertsjinne wurde, tinkt de FNP. De gemeentlike bijdrage oan BV sport kin dan om termyn omleech. It jild foar de maatregels kin neffens de FNP út in reservepot komme.