Oargelmakker no hofleveransier

© Omrop Fryslân
De Ljouwerter oargelmakkerij Bakker en Timmenga mei har fan freed ôf hofleveransier neame. It jubilearjende bedriuw krige it predikaat keninklik yn in spesjale resepsje yn 'e Grutte tsjerke. De oargelbouwer bestiet 125 jier. Tsjintwurdich is Bakker en Timmenga benammen drok mei it restaurearjen en rekonstruearjen fan monumintale oargels. Ek it ferhúzjen fan oargels dogge se in soad.