Hege eask yn heger berop Fetter

© Omrop Fryslân
Tsjin de twa fertochten yn de saak Fetter is freed yn heger berop 18 en 14 jier selstraf easke. De twa binne neffens de advokaat generaal beide ferantwurdlik foar moard, op Manuel Fetter. Dy waard ferline jier mei messtekken om it libben brocht.
De twa fertochten waarden troch de rjochtbank feroardiele ta 14 en 8 jier sel. De fertochten waarden by it hearren fan de eask tige lilk en moasten ôffierd wurde.