Sjili tekent foar fleantugen

© Omrop Fryslân
De Sileenske minister fan definsje en in tal generaals ha freed in oerienkomst tekene oer de oankeap fan 18 Nederlânske F16's. Dat barde op de fleanbasis yn Ljouwert, yn oanwêzigens fan steatssiktaris van der Knaap fan definsje.
De fleantugen wurde takom jier oerdroegen oan de Sileenske luchtmacht. Troch in grutte reorganisaasje by de luchtmacht yn Nederlân binne de F16's hjir oerstallich wurden.