SC Heerenveen lottet Steaua

© Omrop Fryslân
Sportclub Heerenveen moat it yn de tredde ronde om de UEFA-beker opnimme tsjin Steaua Boekarest. De Feansters spylje op 15 of 16 febrewaris earst thús yn it Abe Lenstrastadion. De return yn Roemenië is in wike letter.
By de spilers en de direksje fan Sportklup Hearrenfean is mei teloarstelling reagearre op de lotting. Steaua Boekarest wurdt sjoen as in lestige tsjinstanner. Ferline jier waard de klup kampioen fan Roemenië.