Aksje fan merkkeaplju Ljouwert

© Omrop Fryslân
De keaplju op de freedsmerk yn Ljouwert ha aksje fierd tsjin de gemeente. Se fine dat dy ûnterjochte in fergunning jûn hat oan in snobbersguodkream. Dy soe by in bakker ynkomme.
Dat is neffens de merkkeaplju tsjin de regels. Dy skriuwe foar dat in bakker allinich mar bôle ferkeapje mei en gjin snobbersguod. Neffens de gemeente is dat ek net it gefal en giet it hjir om twa ferskillende kreamen yn hannen fan ien eigner.