Cambuur wint fan Go Ahead Eagles

17 des 2005 - 00:00

Cambuur wûn freedtejûn de lêste thúswedstriid fan dit jier mei 2-1 fan Go Ahead Eagles. Troch twa frije trappen fan 'e ferdigeners Koen Brack en Chris de Wagt wûnen de Ljouwerters foar de tredde kear yn alve thúswedstriden.

Pater die yn 'e twadde helte noch wat werom foar de Eagles en bepaalde de einstân op 2-1. It duel luts 3.222 taskôgers nei it Cambuurstadion. Cambuur stiet no 17de mei 21 punten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)