"Wêrom SAR nei Den Helder?"

© Omrop Fryslân
CDA-keamerlid Kortenhorst freget minister Kamp fan Definsje wêrom't de SAR-helikopters út Ljouwert ferdwine moatte. Kamp wol se oerpleatse nei Den Helder. Kommissaris fan de Keninginne Nijpels makket him dêr ek soargen oer.
Njonken dat de heli's F16-piloaten yn need rêde, wurde se ek ynset by it sikeferfier foar de waadeilannen. Dat soarget foar in soad goodwill by omwenners fan de fleanbasis, as kompinsaasje foar de lûdsoerlêst.