Ljouwert wol EU-ynstitút

16 des 2005 - 12:56

Boargemaster Dales fan Ljouwert is al in jier drok dwaande om it nije taalynstitút fan de Europeeske Uny nei Ljouwert te heljen. Nederlân hat noch gjin inkeld offisjeel EU-kantoar. It taalynstitút sil him dwaande hâlde mei stúdzje nei de minderhiedstalen yn de Europeeske Uny.

Der wurdt op dit stuit drok lobbyet, yn de maaitiid wurdt op in kongres yn Brussel in oanbefelling dien oan it Europeesk parlemint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)