Ekstra jild foar Fryske skipsbou

16 des 2005 - 12:53

In subsydzje fan 30 miljoen foar de Nederlânske skipsbouw sil in protte ekstra wurkgelegenheid opsmite foar Fryske skipbouwers. Dat ferwachtet keamerlid Roland Kortenhorst (CDA).

Minister Zalm hat tasein dat hy fan it maaitiid mei in foarstel komme sil om de skipsbou te stypjen. Skipsbouwers yn oare lannen krije in protte jild fan Europeeske Uny om te ynvestearjen yn nije techniken. Dat jild is der oant no ta net foar skipsbouwers yn Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)