Doelstelling Langmanbanen slagge

16 des 2005 - 11:48

De doelstelling fan it Plan Langman, om 14,5 tûzen banen yn it noarden te skeppen is omtrint slagge. Neffens steatssiktaris Van Gennip fan Ekonomyske Saken binne der tusken 1999 oant septimber dit jier 13,5 tûzen banen yn it noarden by kaam. Dêrmei is de doelstelling foar 93 prosint slagge.

De staatssiktaris warskôget de Twadde Keamer wol dat it om rûge sifers giet. De krekte effekten fan it Plan Langman wurde pas yn 2006 bekend makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)