Wurk A7 Snits offisjeel begûn

16 des 2005 - 11:16

Yn Snits is tongersdei offisjeel begûn mei it wurk oan de A7 en it akwadukt De Geeuw. De nije dyk moat in ein meitsje oan de ferkearsopstoppingen. De oanlis kostet goed 80 miljoen euro en sil noch oant 2009 duorje.

Troch yntensive gearwurking tusken gemeente, provinsje en Rykswettersteat binne de kosten in flink stik minder as earst tocht. Sa'n gearwurking soe ek by de Heak om Ljouwert foardiel opsmite kinne, tinkt deputearre Baas.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)