Oandieleferkeap foar Oranjewoud

© Omrop Fryslân
Centric KSI, dat ynzjeneursburo Oranjewoud Beheer op it Hearrenfean oernimme wol, jout 12 miljoen oandielen út. It bedriuw wol sa it jild byelkoar swylje foar de oankeap fan Oranjewoud.
De 12 miljoen oandielen hawwe elk in wearde fan 2,94 euro. Oranjewoud Beheer waard dizze simmer te keap oanbean troch de hjoeddeiske oandielhâlders. Dy binne net tefreden oer it rendemint dat Oranjewoud opbringt.