Frjentsjer: gjin hege wynmoles

© Omrop Fryslân
De Fleanbasis Ljouwert hâldt de komst fan twa wynmoleparken yn Frjentsjerteradiel tsjin. De gemeente woe de allinnesteande wynmoles yn de gemeente ferfange troch twa groepen moles. Dy soenen heger wurde as de besteande moles. De fleanbasis jout dêr gjin tastimming foar fanwege de fleanrûtes fan de F16's.
Frjentsjerteradiel sil no besjen wat wol mooglik is. De provinsje hie al tastimming jûn foar de moles.