Berne-opfang Lemsterlân fallyt

16 des 2005 - 06:25

De stifting Kinderopvang Lemsterland (SKOL) is tongersdei fallyt ferklearre. SKOL is yn de problemen rekke, omdat hieltyd minder minsken gebrûk meitsje fan de berneopfang. Dat komt troch de ynfiering fan de Wet Kinderopvang en de ekonomyske delgong.

De Timpaangroep fan De Gordyk wol de Stichting Kinderopvang Lemsterlân wol oernimme. It is noch net bekend oft âlden har bern freed nei de berneopfang bringe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)