TBC-gefal op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
By in frou (25) út It Hearrenfean is in besmetlike foarm fan TBC konstatearre. De frou is foar behanneling opnommen yn sikehûs de Tsjongerschans op it Hearrenfean.
De GGD Fryslân is begûn mei in tbc-ûndersyk. Minsken dy't in soad kontakt hân ha mei de frou wurde oproppen foar in sûnensûndersyk. Foar safier bekend hat de tbc-besmetting op it Hearrenfean neat te krijen mei eardere besmettings yn Harns.