Mooglik aksje by rederij Doeksen

© Omrop Fryslân
Der driigje aksjes by rederij Doeksen yn Harns. Wurknimmers binne poer oer it nije roaster dat se krigen hawwe foar 2006. Doeksen hat dat makke sûnder oerlis mei de wurknimmers en de fakbûnen, seit fakbûn FNV-Bondgenoten.
Wurknimmers binne benaud foar ûntslaggen en folle minder gaadlike wurktiden. At Doeksen foar 28 desimber 12 oere gjin belies jout, komme der fan 1 jannewaris ôf aksjes. It is mooglik dat boaten dan net útfarre.