Wetter Fryslân net sa smoarch

© Omrop Fryslân
It wetter yn de glêstúnbougebieten yn Nederlân is bot fersmoarge. Dat docht bliken út ûndersyk yn opdracht fan it ministearje fan lânbou. It wetter soe benammen bot fersmoarge wêze mei de bestridingsmiddels dy't yn de glêstúnbou brûkt wurde.
Neffens it wetterskip Fryslân is der yn ús provinsje net folle oan de hân. Yn Fryslân binne folle minder túnkers as yn de rest fan Nederlân en de fersmoarging falt dan ek bot ta.