Plysje pakt seis ynbrekkers op

© Omrop Fryslân
De plysje hat in groep ynbrekkers oprôle dy't aktyf wie yn 'e omkriten fan Bûtenpost. Der binne seis fertochten oanhâlden, fan 17 oant 32 jier. Twa fan harren wurde as haadfertochten beskôge.
De dieven brutsen yn yn garaazjes, túnhúskes en sportkantines. Se namen boarmasines, blêdblazers, fleksen, snoeiskjirren en fytsen mei. By it stasjon yn Bûtenpost namen se fytsen en brommers mei.