Oanpassings op terrein sikehûs

© Omrop Fryslân
It terrein by de haadyngong fan sikehûs de Tjongerschans op it Hearrenfean is oanpast, nei klachten fan pasjinten en besikers. De bocht yn de tagongsdyk is rommer makke. It tal útstapplakken is útwreide fan fjouwer nei acht.
It sikehûs hat de stoepe ek leger makke, sadat it makliker wurdt foar minsken mei in rolstoel of rollator, om derop en derôf te kommen. Op it grutte parkearplak binne mear plakken kaam foar minder faliden.