Hûnen bite famke (6)
In famke fan seis jier út Sint Jabik is woansdei biten troch twa hûnen. Se rekke ferwûne oan it wang, oan de hals en de hân. De âlden hawwe it bern nei de dokter brocht foar behanneling.
De twa hûnen binne eigendom fan buertbewenners. Se sprongen tsjin it bern oan en begûnen doe te biten. De bisten - in boxer en in bordeaux dog - binne ûnderwilens ôfmakke.