Alvêstedekontribúsje moat heger

© Omrop Fryslân
De kontribúsje fan feriening 'De Friesche Elfsteden' giet nei alle gedachten omheech. It bestjoer wol fan de 7,50 euro fan no 10 euro meitsje. Dat wurdt dien omdat de feriening oars yn de reade sifers komt. De leden nimme freed in beslút oer de ferheging.
De tekoarten ûntstean omdat troch strangere regels fan de oerheid faker profesjonele bedriuwen ynhierd wurde moatte. Ek wol de feriening sparje foar it 100-jierrich bestean yn 2009.